'Rendert Algra dissidint?'

20 feb 2003 - 00:00

It Fryske keamerlid Rendert Algra hat as iennige CDA'er de LPF-moasje oer it asylbelied stipe. Dy helle krekt de mearderheid. De moasje hâldt yn dat asylsikers dy't fiif jier of langer yn Nederlân binne, ûnder betingst in ferbliuwsfergunning krije.

Algra stimde foar, nei eigen sizzen, út rjochtfeardigensgefoel. Syn persoanlike stânpunt is yn 't foar mei de fraksje besprutsen en it sil fieders gjin gefolgen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)