It Nedersaksysk buorket efterút

20 feb 2003 - 00:00

It Nedersaksysk wurdt thús amper praat. Ut ûndersyk fan 'e Ryksuniversiteit yn Grins docht bliken dat minsken de taal wol behearskje, mar net brûke. De streektaal komt foar yn Noard- en East-Nederlân.

Trijefjirde fan 'e ûnderfregen yn Drinte en Grinslân kenne de taal, de helte brûkt de taal ek. De oarsaak dêrfan moat noch ûndersocht wurde. It Stellingwerfs stiet der wer minder foar as it Drints en it Grinslânsk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)