Ald-skipper Salverda stoarn

20 feb 2003 - 00:00

Cor Salverda, âld-skipper fan it skûtsje fan de Súdwesthoeke is ferstoarn. It skip wie eartiids fan de heit fan Cor Salverda. Foar en nei de oarloch wie syn sweager Klaas van der Meulen der skipper op. It skip wie der in skoft út, mar kaam yn 1957 yn de SKS-float werom. 'Ome Cor' wie jierrenlang bemanningslid en sylde ek in tal jierren as skipper mei.

Cor Salverda is yn Starum stoarn. Hy is 91 jier wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)