Brander ferliest koart pleit

© Omrop Fryslân
Brander fan Brandhold BV hat it koart pleit tsjin de ING bank ferlern. De bank hie beslach lein op guod fan it fallite boubedriuw Westerbaan dat noch in skuld fan trije miljoen euro hat.
Brander wie baas fan Westerbaan en is no baas by Brandhold, de holding dy't nei it fallissemint oprjochte is. Hy spande it koart pleit oan om't de bedriuwen net wurkje koenen troch de beslachlizzing. It guod wurdt tongersdei feild.