Mear jild foar natuermuseum?

© Omrop Fryslân
It Frysk Natuermuseum hat om in heal miljoen euro ekstra frege. VVD, CDA en Gemeentebelangen Fryslân wol der in betingst oan ferbine. De partijen wolle dat de taseine sponsorjilden binnen komme. Se binne bang dat se noch mear jild bypasse moatte as de ynkomsten achterbliuwe.
De VVD wol ek witte wêr't de ferwachte ferdûbeling fan de besikers op basearre is. Earder sei de provinsje 1,3 miljoen ta foar nijbou. Yn maart falt it beslút.