Beskerming easke by skipsrampen

© Omrop Fryslân
Fryslân, Grinslân en Drinte easkje dat it Nederlânske regear fuortdaliks aksje ûndernimt om de Noardsee en de Waadsee te beskermjen tsjin skipsrampen. De stjoergroep Waadprovinsjes hat yntusken in brânbrief stjoerd oan it regear.
De trije provinsjes ferwite de oerheid in lakse hâlding. Sa is alris ôfpraat dat in persintaazje oaljetankers kontrolearre wurde moat op feiligens. Oant no ta is dat net bard. Koartlyn ha yn Europa wer inkele skipsrampen west.