Jouster skûtsje sûnder bemanning

© Omrop Fryslân
De bemanning fan it Jouster skûtsje is woansdei opstapt. De tolve bemannings- leden fine it eigen bestjoer te foarsichtich en leaf. Der hie fûler striden wurde moatten tsjin de SKS, dy't it skûtsje ferline jier skraste út de útslach. De 'Oeral Thús' soe fan ûnderen net flak wêze, wat neffens de SKS-regels ferbean is.
Earder dizze wike stapten fanwege deselde kwestje twa leden út it bestjoer fan it Jouster skûtsje op.