Stúdzje nei plak fan heak

© Omrop Fryslân
Holland Railconsult is ynhierd om te ûndersykjen wêr't de nije heak om Ljouwert komme moat. It buro út Utrecht makket in stúdzje fan it trajekt en besjocht de effekten foar it miljeu.
Earder is al útsocht wêr't de dyk rûchwei komt. Belanghawwenden koenen dêr op ynsprekke. It ministearje fan ferkear hat dêrnei oanjûn wêr't it trasee oan foldwaan moat. Mei alle gegevens makket Railconsult in plan foar it definitive plak fan de heak.