Cambuur wint fan Veendam

19 feb 2003 - 00:00

Cambuur hat tiisdei mei 4-1 wûn fan Veendam. Oan de Lange Leegte yn Grinslân wienen de Ljouwerter fuotballers te sterk foar Veendam.

De topskoarder fan de klub (mei 15 doelpunten nei dizze wedstriid), Jan Bruin, skoarde twa kear, yn de 27e en 49e minút. Nei de tee makken Katipana en Derksen ek beide noch in doelpunt. Yn de 72e minút miste Bruin in strafskop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)