Eigener pakt ynbrekker

Ynbraak © Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is sneontenacht in man oanhâlden foar stellerij. De eigener fan in bedriuw oan de Snitsertrekwei wie dêr delgien om't it ynbraakalarm ôfgien wie. Yn it kantoar fan it bedriuw trof er de ynbrekker oan. De eigener hat de fertochte oerdroegen oan de plysje. Hy is foar neier ûndersyk meinaam nei it plysjeburo.
Underweis nei it plysjeburo bekende de fertochte dat er freed ek ynbrutsen hie yn in auto dy't yn de buert fan It Fliet stie. De bút fan dy auto-ynbraak hie er earne ferside brocht, mar hy wist net mear wêr.