Twa jier sel foar ôfparsing

18 feb 2003 - 00:00

In Ljouwerter (29) is tiisdei ta twa jier sel feroardiele. Hy hat in sakeman ôfparse. Tsjin de man wie trije jier sel easke. Hy makke diel út fan in klub dy't de sakeman 240.000 euro ôfstrûpt hat.

It slachtoffer waard sjantearre mei foto's dêr't er seksuele hannelingen die mei de broer fan de feroardielde. De rjochtbank pleatste him earder al yn in ynrjochting. De jonge wurdt sjoen as de inisjatyfnimmer fan de ôfparsing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)