Asylsikers wer foar rjochter

© Omrop Fryslân
Op 'e nij ha de 58 asylsikers fan It Amelân tiisdei foar de rjochtbank yn Ljouwert frege oft se oant de simmer op it eilân bliuwe meie. De advokaat fan de asylsikers hat de saak oanspand om't it COA de rjochter by eardere saken net goed ynformearre ha soe.
Oanlieding is de sluting fan it azc yn Kollum, dêr't se hinne moatte. Fan dêr út moatte se letter wer ferhúzje. De rjochter is net ferkeard ynformearre, seit it COA. Utspraak is nije wike.