Total Fina fergoedet skea

18 feb 2003 - 00:00

Total Fina Elf sil de skea troch gasboarings by de Tsjûkemar fergoedzje, sa makke de oaljemaatskippij bekend. De bewenners fan de Follegeasterpolder en de Stichting Behoud Tjeukemeer binne lykwols tsjin de proefboaring.

De gemeente hie al in fergunning ôfjûn, mar dat wie te gau, want de proseduere doogde net. Dêrom mocht moandei opnij beswier oantekene wurde. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hearde dat oan en nimt meikoarten in beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)