Fûgelhelling lapet 'Belgen' op

© Omrop Fryslân
De Fûgelhelling yn Oerterp nimt nochris 100 oaljeslachtoffers op, ôfkomstich fan de Belgyske kust. De fûgels binne nei alle gedachten besmodzke mei oalje fan it sonken frachtskip Tricolor.
Earder naam de Fûgelhelling ek al 200 'Belgen' op. It grutste part dêrfan is yntusken oplape en frijlitten op Skiermûntseach. Yn 'e Fûgelhelling binne deis fyftjin minsken oan it skreppen om alle fûgels te behimmeljen en te fersoargjen.