Eask dúdlikens oer IBF-terrein

© Omrop Fryslân
Leefber Hearrenfean (LH) wol dúdlikens fan B en W oer de takomst fan it ynternasjonale bedriuweterrein, it IBF. Sa wol de fraksje witte oft der wol of net in ferbân is tusken de grutte fan de kavels en in mooglike subsydzje.
Deputearre Steaten fine dat ek lytsere, binnelânske bedriuwen grûn op it megapark oankeapje meie. Neffens de fraksje hawwe B en W earder sein dat soks net kin, om't dan Europeeske subsydzje werombetelle wurde moat.