Grouster wint miljoen by lotto

18 feb 2003 - 00:00

In ynwenner fan Grou hat de haadpriis fan 1 miljoen euro wûn mei de Lotto. It lot is kocht by Sigarenmagazijn Deelstra oan de Parkstrjitte.

De winner is in fêste Lotto-spiler. Hy hie de Lotto-getallen goed mar de kleur fan 'e jackpot net. Hie dat it gefal west, dan hie de man 14,8 miljoen euro wûn. Wa't de winner is, is net bekend. Der is noch gjin doaske sjampanje besteld of in djoere boat ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)