CDA nimt it op foar de Mahamouds

© Omrop Fryslân
It CDA-Fryslân wol in minder strang beleid foar útprosedearre asylsikers. Dat sei foarsitter Hidde Visser fan CDA-Fryslân moandei yn Harich. Oanlieding is de situaasje fan 'e útprosedearre famylje Mahamoud fan Warns. Sy binne al acht jier yn Nederlân, mar op dit stuit driget útsetting.
Twadde-Keamerlid Atsma hat de saak-Mahamoud persoanlik yn it omtinken brocht fan minister Nawijn.