Ried tsjin nijbou gemeentehûs

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Skiermûntseach wol gjin nij gemeentehûs yn kombinaasje mei it plysjeburo. Mei dat beslút lit de ried de boargemaster falle dy't de plannen wol trochsette woe.
De nijbou wie al oanbestege en moast allinnich noch gund wurde. De gemeente draait no op foar de tariedingskosten fan 2 ton. Dêr komt dan mooglik noch in skeaclaim fan de plysje oerhinne. De twa wethâlders, Wiersema en Dykstra, fûnen de nijbou te djoer.