Keazen boargemaster yn Snits?

17 feb 2003 - 00:00

Snits krijt mooglik in keazen boargemaster. De gemeenterie wol meikoarten diskusjearje oer de mooglikheid om de nije boargemaster by referindum te kiezen.

Boargemaster Hartkamp giet ynkoarten mei pensioen. Troch in referindum oer syn opfolging, soene de boargers fan Snits ynfloed krije op wa't de earste kandidaat wurdt. Oant no ta ha twa oare Nederlânske gemeenten dizze proseduere by wize fan proef tapast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)