Bûtenlânske ideeën foar wenwyk

17 feb 2003 - 00:00

Sa'n tritich bûtenlânske studinten sille har dizze wike bûge oer de nije Ljouwert wyk Suderlannen. Sy studearje boukunde, arsjitektuer of geografy en moatte oantreklike, duorsume wenten betinke. Wa't de beste plannen makket, krijt freed in priis.

Suderlannen is in nije wyk oan de súdkant fan Ljouwert. Troch de ideeën fan minsken út oare kultueren hopet de gemeente ferrassende ûntwerpen te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)