'ROM-jild mooglik wol beskikber'

17 feb 2003 - 00:00

Minister Veerman fan Lânbou sil besjen oft de ROM-jilden dochs útkeard wurde kinne. Dat seit lânbou-organisaasje NLTO. It ROM-projekt is bedoeld om lânbou en natuer better op inoar ôf te stimmen. It regear hat de jildkraan lykwols tichtdraaid.

Boeren wite no net mear wêr't se oan ta binne: lân ferkeapje of net. De VVD, moandei op kampanje, trunet der by de minister op oan om de ôfspraken dochs nei te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)