Earste winkel Suderskâns Dokkum

© Omrop Fryslân
It nije winkelsintrum oan 'e súdkant fan Dokkum krijt as earste in nije Gamma-boumerk. Boargemaster Cazemier fan Dongeradiel en direkteur De Jong tekenen moandei de oerienkomst. Op Suderskâns komme inkeld grutte winkels.
Tsjin it nije winkelsintrum bestie in protte werstân by ûndernimmers yn 'e binnenstêd. Hja wiene benaud foar omsetferlies. De belangstelling begjint stadichoan ta te nimmen, no't de kavelprizen ferlege binne.