'Provinsje moat Te Plak stypje'

17 feb 2003 - 00:00

Mear jild foar de stichting Te Plak foar útwreiding fan it tal festigingen. Dat wol de Steatefraksje fan 'e ChristenUnie/SGP. Te Plak hat no fjouwer lokaasjes en helpt de âlderein by saken lykas de tún op oarder bringe, boadskiprinne of húshâldlike putsjes.

Mei it each op de wiziging fan 'e AWBZ wurdt sokke help aloan wichtiger, sa fynt de partij. Hieltyd mear âlderen krije 'persoansbûn budzjet' wêrtroch't se langer thús wenje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)