Iepen Universiteit wol oerlis
It is noch hieltyd ûndúdlik oft Ljouwert in stipepunt fan 'e Iepen Universiteit kriget. Provinsje en de gemeente Ljouwert makken earder bekend dêr net foar betelje te wollen. Neffens de Iepen Universiteit giet it stipepunt oer sûnder finansjele bydrage.
De universiteit wol meikoarten oerlizze mei provinsje en gemeente om dochs jild los te krijen. It stúdzjesintrum fan 'e Iepen Universiteit yn Ljouwert moat ticht fanwege besunigings.