Demonstraasje tsjin sluting azc

17 feb 2003 - 00:00

Learlingen fan de Friese Poort yn Snits demonstrearje woansdei tsjin de sluting fan it asylsikerssintrum yn de stêd. It COA docht dat om't der hieltyd minder flechtlingen nei Nederlân ta komme. De skoalbern wize der lykwols op dat in oarloch tsjin Irak foar in nije grutte stream flechtlingen soargje kin. Se hoopje dat organisaasjes en politike partijen ek meirinne sille. Neist it azc yn Snits, moatte ek dy fan Kollum en de Bonkefeart yn Ljouwert ticht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)