Hege boarchsom iccu fan 'e baan

17 feb 2003 - 00:00

Hearrenfeaners hoege gjin 15.000 euro boarch mear te beteljen foar de iccu. Dizze akku yn 'e meterkast laadt nachts goedkeape stroom en slacht dy op. Dy stroom wurdt brûkt yn djoerdere oeren, wat flink op 'e enerzjyrekken besparret.

It idee is ûntwikkele troch Procom. It bedriuw socht tanadering ta It Hearrenfean as proefgebiet. De tige hege kosten waarden lykwols as in probleem sjoen. Dêrfoar yn it plak komt no in soart ynboedelfersekering.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)