Vlasveld wrâldkampioene

17 feb 2003 - 00:00

Marianne Vlasveld fan Reahel waard sneon yn it Dútse Oberstaufen wrâldkampioene wintertriatlon. Vlasveld die dat mei grut machtsfertoan, want op de meet hie se in foarsprong fan 40 sekonden op har grutte konkurrinte Sigrid Lang. Vlasveld waard earder dit seizoen ek al Europeesk kampioene.

Vlasveld sil har no rjochtsje op de EK langlaufen. Fia har goeie prestaasjes by de wintertriatlon hat se har dêrfoar kwalifisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)