'Herkomst gezocht' iepene
De útstalling 'Herkomst gezocht' yn it Frysk Museum yn Ljouwert is snein offisjeel iepene troch steatssekretaris Cees van Leeuwen fan kultuer. Te sjen binne keunstwurken dy't nei de Twadde Wrâldoarloch út Dútslân weromkamen en dêr't de eigner net fan bekend is.
Der wurdt noch hieltyd socht nei de rjochtmjittige eigners. Yn it museum stiet in postbus dêr't besikers in formulier yn dwaan kinne as se mear witte oer mooglike eigners.