Stimwizer jout faak advys FNP

© Omrop Fryslân
Der hawwe oant en mei wike sân hast 4000 minsken in stimadvys frege oan de Fryske stimwizers op ynternet. Troch antwurd te jaan op 25 stellingen kin de kompjûter in stimadvys jaan foar de Steateferkiezings fan 11 maart.
Minsken dy't de stimwizer rieplachte hawwe, krije it faakst it advys om op de FNP te stimmen. Dêrnei folget GrienLinks. It advys VVD of D66 wurdt it minst faak jûn. De stimwizer is te berikken fia www.omropfryslan.nl