Folder oer toerismebedriuwkes

© Omrop Fryslân
Tritich lytse toeristyske en rekreative bedriuwen yn Fryslân hawwe meiïnoar in folder útbrocht dêr't se harsels yn presintearje. De bedriuwen wurkje sûnt 1995 meiïnoar gear. It binne hotels, pinsjons, kampings en boate- en húske- ferhierbedriuwen.
Doel is om toeristen safolle mooglik kwaliteit te bieden, ek al binne de bedriuwen lyts. De dielnimmers wolle safolle mooglik oan 'e persoanlike winsken fan de klanten temjitte komme.