Dewi wer in ronde fierder

© Omrop Fryslân
Dewi Pechler (19) fan Skerpenseel is der sneon op 'e nij yn slagge in ronde fierder te kommen by Idols. Yn dat tillevyzjeprogramma stride amateur- sjongers en -sjongeressen om in platekontrakt. Alle wiken falt der in kandidaat ôf.
Der binne noch 4 kandidaten oer: Dewi, Hind, Jim en Jamai. Dewi song ôfrûne sneon it nûmer 'What's love got to do with it'. 'Leafde' wie it tema fan de útstjoering. De finale is op 8 maart.