Nijpels yn aksje foar Omropradio

16 feb 2003 - 00:00

Kommissaris fan de Keninginne Nijpels hat in brief oan minister Hoogervorst skreaun oer de minne ûntfangst fan Omrop Fryslân Radio. Yn it westlik part fan de provinsje is de ûntfangst folle minder wurden sûnt de Omrop fan frekwinsje wiksele is.

Nijpels fynt dat der wat oan dien wurde moat, benammen om't de radio de funskje fan rampestjoerder hat. By kalamiteiten soe rûchwei de helte fan de provinsje de stjoerder net goed ûntfange kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)