Frysk damjen hieltyd populêrder

16 feb 2003 - 00:00

De earste twakamp Fryslân-Hollân yn it Frysk damjen is wûn troch de Hollanners mei 8-10. De wedstryd waard spile yn kafee Freonskip yn Blauhûs en gie tusken de Blauhúster Skyfkes en de damklub fan Schagen yn Noard-Hollân.

Frysk damjen wurdt sels ynternasjonaal. Want nei in demonstraasje fan it Fryske dambûn yn Praag wiene der minsken dêr sa entûsjast, dat der yn oktober in toernooi hâlden wurde sil. Nije wike begjinne yn Fryslân de kampioenskippen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)