Nije auto foar brânwacht Snits

16 feb 2003 - 00:00

It brânwachtkorps fan Snits hat sneon de allermodernste brânwachtauto fan Nederlân yn gebrûk nommen. Ek hawwe de brânwarders nije klear krigen en in saneamd rêdingsplatfoarm, spesjaal foar it rêden fan frachtweinsjauffeurs dy't yn de knipe sitte.

De âlde auto fan it korps hat 17 jier meidraaid. De nije auto hat 225.000 euro koste. Om't de Snitser dit meiïnoar betelle hawwe, koene sy sneon de auto besjen op in iepen dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)