GemeenteBelangen start kampanje

© Omrop Fryslân
GemeenteBelangen Fryslân wol de opsinten ferheechje as dêrmei de ynfrastruktuer oanpakt wurde kin. Dat sei fraksjefoarsitter en listlûker Kloosterman sneon by de start fan de kampanje foar de steateferkiezings.
De partij wol ôf fan ûnnedige regeljouwing, te folle foarskriften en lange prosedueres. Foarbylden dêrfan binne it befarber meitsjen fan de noardlike alvestêderûte en Ljouwert as hert fan de provinsje.