Inlia belutsen by kwestje-Amelân

© Omrop Fryslân
De Grinzer stifting Inlia is ree om de ferantwurdlikheid foar de 58 asylsikers op it Amelân oer te nimmen fan it COA. Direkteur Van Tilborg fan Inlia hat dêr sneon oerlis oer hân. Hy wol net sizze oft der konkrete ôfspraken makke binne. Wol wurdt der op koarte termyn op 'e nij oerlein.
As der in oplossing komt dêr't alle partijen mei ynstimme kinne, dan wol Inlia der graach in rol yn spylje. De organisaasje hat ûnderfining mei opfang.