Nurmela ferlit Hearrenfean

15 feb 2003 - 00:00

Mika Nurmela giet nei de seizoen by SC Hearrenfean wei. It kontrakt mei de 31-jierrige Finske ynternasjonal rint dan ôf. Underhannelings hawwe neffens syn saakwaarnimmer neat opsmiten. Nurmela hat in goed oanbod fan de Feansters krigen, mar de Fin wol wat oars.

Nurmela kaam yn 1999 by SC Hearrenfean. Hy spile 120 wedstriden foar de klub. In nije wurkjouwer hat de rjochtsbûten noch net.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)