Ljouwerter F-16's langer fuort

© Omrop Fryslân
De F-16's fan de Ljouwerter fleanbasis bliuwe seis moanne langer yn Kirgizië. De fleantugen helpe yn Afganistan mei oan de striid tsjin terroristen. Se ha de lêste wiken al in stikmannich kear bommen ôfsmiten en sa de Amerikaanske troepen op de grûn holpen.
Amearika hie frege om ferlinging fan de termyn. Dy einige oarspronklik op 1 april, no dus op 1 oktober. De meiwurkers fan de fleanbasis wurde wol ôflost yn april.