Fryske minderheid yn Denemarken?
Benny Siewertsen út it suden fan Denemarken beskôget himsels as in Deenske Fries. Hy besiket op it stuit om in organisaasje op te setten foar Deenske Friezen. Siewertsen tinkt dat hjir wol belangstelling foar is.
Siewertsen hat al in website boud mei Fryske famyljenammen yn Denemarken. Yn Fryslân wurdt faak tocht dat der yn Denemarken gjin Fryske minderheid is.