'Mear oerlêst fan wynmûnen'

14 feb 2003 - 00:00

De gemeente Wûnseradiel ûnderskat de gefolgen fan de komst fan fjouwer mega-wynmûnen. Dat sizze omwenjenden. De mûnen binne 110 meter heech en komme by de A7 bu Wûns.

Ut in rapport fan de universiteit fan Grins blykt de lûdsoerlêst folle grutter is as oannommen. Benammen Wûns, Wytmarsum en Skraard sille lêst krije. It rapport is opsteld foar in doarp yn Grins. Dêr moasten mûnen ôfbrutsen wurde omdat se tefolle leven hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)