Selsevaluaasje fan gemeenten

14 feb 2003 - 00:00

Yn it provinsjehûs yn Ljouwert is freed in begjin makke mei in evaluaasje fan it wurk fan de Fryske gemeenten. Dy sille foar 1 july har eigen funksjonearjen ûndersykje.

Gemeenten ha te krijen mei hieltyd mear yngewikkelde regels en wetten dy't mei itselde tal amtners utfierd wurde moatte. Neffens deputearre Ploeg moat de ferskate taken fan de gemeente ris goed besjoen wurde, op it mêd fan belied, tsjinsten en wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)