Fakkeloptocht tsjin Irakoarloch

© Omrop Fryslân
Hûnderten minsken hawwe yn Ljouwert protestearre tsjin in mooglike oarloch yn Irak. Sy rûnen mei fakkels fan it Titus Brandsma-Hûs nei it Stedskantoar. Dêr krige loko-boargemaster Krol in petysje. B en W fan Ljouwert hawwe har noch net iepentlik tsjin de Irakoarloch útsprutsen.
De lanlike demonstraasje is sneon yn Amsterdam. De SP lit fan Fryslân út fiif bussen ride. Minsken dy't mei wolle, kinne belje mei 0518-4127555.