Rie fan Tsjerken tsjin oarloch

© Omrop Fryslân
De Ried fan Tsjerken yn Fryslân hat de provinsje en de gemeente Ljouwert frege om in mooglike oarloch tsjin Irak te feroardieljen. De gemeente Oostzaan die dit earder ek al. De Ried fan Tsjerken wol no graach dat Ljouwert Oostzaak stipet by de Feriening Nederlânske Gemeenten. De provinsje Fryslân soe itselde dwaan moatte by it IPO.
Provinsje en gemeente krije tongersdei by de fakkeloptocht tsjin de oarloch yn Ljouwert in petysje fan 'e tsjerken.