De Vegt krijt gjin jild Timmer

13 feb 2003 - 00:00

Wopke de Vegt krijt gjin jild fan Marianne Timmer. It Ljouwerter hôf hat de eask fan de reedriderscoach ôfwiisd. Mei syn âld-pupil hie De Vegt twa jier in juridyske striid. Timmer woe yn 2001 mei in eigen team ride en hierde De Vegt as trener. Doe't der gjin sponsor kaam, koe se him gjin lean jaan.

Fia in koart pleit ein 2001 wûn De Vegt. Hy soe in foarskot krije moatte fan Timmer. Dy útspraak is no yn heger berop ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)