Klacht oer dokterswacht

© Omrop Fryslân
De famylje Stuurman út De Blesse tsjinnet in klacht yn oer de dokterswacht. De frou foel freedtejûn en belle de dokterswacht. Der waard net opnommen. De sike-auto kaam ek net om't de dokterswacht net trochferwiisd hie.
De frou hie in brutsen foet. Se is min te sprekken oer de tsjinstferliening. Fan it begjin ôf oan, in pear moannen lyn, binne der klachten oer de berikberheid fan de dokterswacht. De dokterswacht ûndersiket de kwestje.