F-16's bliuwe langer yn Kirgizië

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter F-16's bliuwe mooglik trije moannen langer yn Kirgizië as dat pland wie. Dat skriuwt it NRC Handelsblad. Freed wurdt op it ministearje praat oer ferlinging fan de perioade. Earst soenen de fleantugen fan de Ljouwerter basis 1 april wer weromkomme.
Op de fleanbasis Manas binne seis F-16's stasjonearre. De fleantugen binne yn Kirgizië om de Amerikanen by te stean yn de oarloch tsjin it terrorisme.