Natuermuseum lang ticht

12 feb 2003 - 00:00

It Frysk Natuermuseum giet op 2 maart foar lange tiid ticht. Yn oardel jier sil it museum yngripend ferboud wurde. Nei de ferbouwing hat it de helte mear oerflak. It museum slacht dan ek in oare koers yn: de fêste útstalling is tenei rjochte op bern.

It binnenplein wurdt by de ferbouwing oerkape, en krijt in kelder. Der is noch in gat yn de begrutting, mar dêrfoar stelt de provinsje him garant, as de Steaten der mei akkoart geane.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)