Altman makket film oer Mata Hari

© Omrop Fryslân
Robert Altman wol in film oer Mata Hari meitsje. Dat hat de Amerikaanse filmregisseur woansdei yn in Eastenrykse krante sein. Mata Hari is as Margaretha Zelle yn Ljouwert berne. Yn 1917 is de dûnseres troch de Frânsen eksekutearre fanwegen spionaazje.
Altman dy't bekend wurden is as makker fan klassikers as MASH en Nashville leaut net dat Mata Hari in spionne wie. Hy wol ferskillende fyzjes op har yn de film sjen litte.