Asbest by sloop yn Boalsert

12 feb 2003 - 00:00

De ferbouwing fan moadewinkel Kuufke yn Boalsert is stillein. Yn it gebou achter de winkel oan de Dykstrjitte is asbest fûn by sloopwurksumheden. De slopers tochten dat se dwaande wienen mei it fuortheljen fan betonnen platen.

In part fan de platen is al nei it stoart brocht. Neffens de gemeente wienen de wurksumheden yllegaal om't der gjin fergunning foar de sloop oanfrege is. De winkel is wol gewoan iepen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)