Undersyk nei swimbad Warkum

© Omrop Fryslân
De takomst fan swimbad De Rolpeal yn Warkum wurdt besjoen. Undersyk moat útwize oft it rendabel is it bad iepen te hâlden. Al jierren wurdt ferlies draaid en it bad is ta oan ûnderhâld. De gemeente wol witte oft de kosten fan de renovaasje út kinne tsjin it begruttingstekoart.
It swimbad hat in belangrike regiofunksje en lûkt per jier 100.000 besikers. Sluting is foarearst gjin opsje fynt de gemeente.